Matteüs-evangeelje opnij oerset
De Stifting FB21 (Fryske Bibeloersetting foar de ienentweintichste ieu) hat yn jannewaris it Evangeelje fan Matteüs yn in nije Fryske oersetting publisearre.
As jo op Krysttiid desimber 2017 Matteüs 2: 1-12 klikke krije jo in priuwke mei taljochting fan ’e oersetter.
Opmerkings en fragen binne tige wolkom op L.H.Westra, en as se har dêrta liene, krije jo antwurd fan ’e oersetter.
Lês hjir de resinsje yn’t Deiblêd fan Koen Zondag.
Op termyn moatte alle fjouwer Evangeeljes en wa wit gruttere parten fan ’e Bibel yn in nije oersetting ferskine, en dêrfoar sille dan ek ferskate groepen fan meilêzers socht wurde. In diskusje op ’e webside fan Krúspunt kin dêr in moaie oanset ta jaan!