Muskens is myn man!

Muskens is myn man!

Tiny Muskens: hy is no noch biskop, en dat is yn Nederlân in funksje dy’t altyd rejaal omtinken krijt fan krante en tillefyzje. Dat sil aansen oars wurde, as hy syn fierder libben yn it kleaster trochbringe sil. Hysels moat dan grif ek wenne, want hy wie net bang fan publisiteit. Just oarsom, sa út en troch socht er dy op – en altyd mei in bedoeling.
Fan him binne in tal útspraken, altyd op in útsocht momint yn ‘e iepenbierheid brocht, dy’t de tongen goed losmakke hawwe en soms noch meitsje. Earst: ien dy’t honger hat en gjin sinten, kin it stellen fan in brea net oanrekkene wurde. Fierders: it wurdt tiid dat in frou kardinaal wurdt. En lêsten: lit ús God mar fan ‘Allah’ neame, krekt as de moslims.

Der binne dan altyd minsken, dy’t miene dat Muskens werklik de lju ta dieverij oanset, en him dêroer ûndersteane. Sillich de earmen fan geast, mei ik meskien de Skrift út syn ferbân helje. Ien dy’t echt honger hat, dy sil it in soarch wêze wat de biskop derfan fynt: as dy in brea krije kin, nimt er it. Muskens sprekt de earmen mei syn útspraak net oan, mar de riken. Krekt sa mei dy froulike kardinalen. Lit ús net de yllúzje hawwe dat troch dizze biskop syn útspraken it Fatikaan fan belied feroaret. It moaie is krekt dat Muskens oaren oer dat belied neitinke lit en tagelyk sels binnen de grinzen fan de Roomske wet bliuwt: foarhinne koene leken en diakens nammentlik ek kardinaal wurde – dus wêrom froulju net?
Mei de oprop ‘Lit ús God mar Allah’ neame is it net oars. Dy’t tinkt dat kristenminsken yn Breda en omkriten yn har gebedslibben ynienen it wurd ‘Allah’ begjinne te brûken, wit net folle fan it leauwe. Dochs wiene de protesten ek dizze kear wer net fan ‘e loft. Is dit wol yn ‘e line fan ‘e Rooms-Katolike Tsjerke? Wat dogge wy as wy God ‘Allah’ neame? Is Allah echt deselde as God?
Stoer praat yn ‘e ynstjoerde stikken: “Als wij het niet hebben over de Vader van Jezus Christus, hebben wij het niet over dezelfde God!” Dêrmei bedoele minsken: “Foar my is it alderbelangrykste fan God, dat Hy de Heit is fan Jezus Kristus.” En dat is just belangryk, omdat oare minsken fan deselde God fine, dat Hy dat net is. Oars hoegden wy ús sa drok dochs net te meitsjen? As ik sis fan “Wat hat dy frou in moaie blauwe jurk oan,” en in oarenien seit: “Nee, hy is grien!” – dan hat it inkeld sin om dêrop yn te gean as wy oer deselde frou prate.
Ek it Frysk Deiblêd spandearre in haadartikel oan Muskens syn útspraak (sneon 18 augustus 2007). De haadredakteur bringt dêr op it aljemint, dat de namme fan God wêzentlik is. “De Naam staat in het hart van het christelijk geloof: mensen worden gedoopt in de Naam.” Mar de Namme fan God is no krekt net ‘God’, mar ‘Ik-bin-dy’t-ik-bin’ of ‘Heare’ of ‘YHWH’. En wy dope de minsken net yn ‘e namme fan God, mar fan Heit, Soan en Geast. Dat is ek wêzentlik foar ús leauwe: dat wy leauwe dat de iene God ‘Heit, Soan en Geast’ is – en de moslims leauwe dat net – fan deselde God.

Faak sizze wy, dat moslims God ‘Allah’ neame. Dat is dus net wier. Moslims dy’t Arabysk prate, neame God ‘Allah’ – kristenminsken ek. ‘Allah’ is nammentlik gewoan it Arabyske wurd foar God, oft jo no moslim of kristen binne. Kristenen yn Egypte bidde ta ‘Allah’, want se prate Arabysk. Moslims yn Egypte ek. Mar moslims yn Tadzjikistan net, want it Tadzjykske wurd foar God is net ‘Allah’, mar ‘Chûdo’.
Muskens syn sizzen is dus neffens de letter poer ûnskuldich, en tagelyk ynhâldlik folslein absurd, krekt as syn idee fan in froulike kardinaal. En hy bedoelt dêr dus mei, dat wy just ophâlde moatte om oer ‘Allah’ te praten, as wy God bedoele. Nee, der is neat op tsjin om ‘Allah’ tsjin God te sizzen – salang as jo Arabysk prate. Prate jo Frysk of Nederlânsk, neam Him dan God.

Liuwe H. Westra (oktober 2007)