Om Sint-Marten hinne

Om Sint-Marten hinne

0m St Marten hinne

 

Jûns 11 novimber geane op in bulte plakken ploechjes bern (en grutten) by de doarren lâns. It is Sint Marten.
It boekwurkje ‘Om Sint-Marten hinne’ is in mienskiplik projekt fan GCO fryslân, Jeugd & Kerk Friesland en Krúspunt en is bedoeld foar skoalle en tsjerke.
De útjefte jout ferhalen, in toanielspul, ferskate wurkfoarmen en in tal lieten.

As jo it dat boekje trochlêze krije jo der sicht op dat Sint-Marten net allinnich te krijen hat mei ljochtsjes en lekkers. Der binne ferbannen te lizzen mei bibelferhalen. En miskien noch wol de grutste ferrassing: hoefolle de tiid fan Martinus liket op dy fan ús.

It libbensferhaal fan Sint-Marten is de basis foar alle oare aktiviteiten.

It boekje wie yn it earstoan te krijen by it centrumvoorlevensbeschouwing.nl, mar no net mear.

Jo kinne it boekje no hjir delhelje.