Pinksterliet fan Margryt Poortstra
Pinksterliet
Fan himelheech waait fjoer en wyn
’t ôfladen hûs mei minsken yn.
Yn taal en teken komt de Geast,
de waarme amme fan Gods treast.
Sa’t nei it rispjen d’ earsteling
in teken is fan nij begjin
dat oan de deade grûn ûntsprút,
sa wiist de Geast ús hjoed foarút.
Sy sprekt in taal dy’t elk ferstiet,
dy’t streekrjocht nei it herte giet.
Har wurden hâlde leafde yn,
de frede fan in simmerwyn.
Sy helpt ús as in mem oerein
as wy fertrietlik of ferslein
de moed ferlern ha om te gean.
Sy jout de krêft om op te stean.
Dat ús de Geast trochwaaie mei,
dat wy as op dy pinksterdei,
fol fjoer en yn beweging brocht
ús wegen geane yn har ljocht.
Margryt Poortstra,
Zeewolde, febrewaarje 2013
It wie it winnende liet dat yn 2013 de earste Bernard Smilde priis wûn.
Jan de Jong fan Intrada hat it liet op muzyk set.