Reserve

Reserve

reserve

Op it stuit dat ik dizze meditaasje skriuw, leit alles noch ûnder de snie. Dat hiene wy in skoft net meimakke, en dat wie te merken. De treinen en bussen wiene der lang net op klear (de deis dat al dy snie kaam haw ik ûnfrijwillich yn Ljouwert oernachtsje moatten), en it reinde ôfsizzings fan konserten, tsjerketsjinsten en neam it allegear mar op. Us eigen koar koe spitigernôch de reis nei Burchwert ek net meitsje, en wy sieten dêr mei 12 grutten en 5 bern ûnder de krystbeam, sûnder oargelist. De trochsetters dy’t hjir de feestlike advintstsjinst al mooglik makken, hawwe wol hulde fertsjinne!

Mar yn it algemien bliuwt de konklúzje, dat wy op soks net klear binne. It hat in heale wike hast net mooglik west om Lollum mei de auto yn of út te kommen. (Dat wurdt noch wat, as wy mei de nije gemeente noch fierder oan it fuottenein komme te lizzen …) Dat betsjut, dat jo gjin boadskippen krije, gjin dingen yn ’e hûs helje kinne, in hieleboel kontakten misse. Jo wurde weromsmiten op josels, en wat jo noch yn ’e hûs hawwe. Oftewol: op jo reserves.

Men leart dan wer in hiele nije kant fan ’e minsken kennen: hoe’t de minsken dogge, as harren reserves oansprutsen wurde. Reserve is eins alles dêr’t jo sûnder kinne, mar dat jo dochs mar fêst keapje of bewarje of net fuortgoaie – foar it gefal dat. Reserves binne it jild, it iten, it ark dat jo net brûke – foar it gefal dat jo it in kear al brûke moatte. No kaam dy tiid, en hoe is it dan? Guon minsken sette alles op alles, om de reserves mar net brûke te hoegen. Dan mar leaver de tocht nei Boalsert ûndernimme – oars dan reitsje wy ús reserves kwyt. En as it dan dochs net oars kin, kin dat in bedriigjend gefoel jaan. Us reserves wurde oansprutsen – wat dogge wy as se echt op binne? Reserves jouwe in gefoel fan wissichheid: salang’t se der binne, hawwe jo in stikje wissichheid yn ’e hûs (of op ’e bank, of yn ’e skuorre). Mar as jo se oansprekke (of se ferdampe), ferdwynt dy wissichheid. Wat dan?

De kâns is grut, dat wy aansen, sagau’t de kâns der is, ús reserves wer oanfolje. It is no ien kear ferstannich om wat yn ’e hûs te hawwen foar it gefal dat. Mar it is meskien goed om dêr in kear by nei te tinken: al ús reserves meiinoar hâlde yn oare parten fan ’e wrâld de earmoed yn stân. Wy hoege gjin hap minder te iten en gjin sint minder te fertsjinjen om oare minsken it ferskil fiele te litten tusken te min en genôch. As wy allinnich ús reserves al priisjouwe, of troch de helt dogge, sjocht it der yn ’e wrâld hiel oars út. Dogge wy dat? Doare wy dat?

Just sokke dagen sjogge wy, hoe fêst oft in minske oan syn reserves sitte kin. En dat dat dus ek syn negative kanten hat. Net allinnich foar de minsken om ús hinne. Ek foar ússels. Jezus lit ús net om ’e nocht bidde: “Jou ús hjoed ús deistich brea.” Dêrmei bedoelt Er: alle dagen bidde om it brea foar ien dei. Gjin reserve foar moarn! Mar moarn wer op ’en nij: brea foar ien dei. En sa in libben lang.

As wy sa libje soene, wie dat net allinnich in goed ding foar de wrâld om ús hinne, mar ek foar ús leauwen. Want reserves jouwe wissichheid, en wissichheid is it tsjinoerstelde fan betrouwen. En betrouwen, dat is it plantsje dat it leauwen groeiende en bloeiende hâlde moat. Betrouwen is witte, dat jo it eigen libben en de eigen takomst net yn ’e hân hawwe – en dat sa litte. Net witte wat de dei fan moarn jo bringt – en dochs net bang wêze. Omdat de himelske Heit, dy’t hjoed foar ús soarget, ús moarn wier net ferjitte sil.

Ien kear komt de dei, dat wy troch al ús reserves hinne wêze sille. Dat ús lichem en ús krêften skjin op wêze sille, en dat jild noch iten noch kennis noch ark of besit ús ien meter fierder bringe. Dat der neat is tusken ús en it neat, it net-bestean, de donkere, swarte dea. Dan sille wy it net fan reserves hawwe moatte, mar fan betrouwen. Net fan wissichheid, mar fan leauwen. Dat kinne wy net opbouwe en op foarried lizze. Leauwe is krekt as leafde: jo kinne it net bewarje. Jo moatte der alle dagen op ’en nij foar kieze. En jo kinne it oefenje. Meskien is dizze winter in goede gelegenheid om dat wer te beseffen.

 

Liuwe H. Westra (jannewaris 2010)meditaasje