Ruilje? Ruile is t’!
Ruilje? Ruile is ’t !
Bern sjogge faak dingen fan oaren dy’t se moai fine, en wat moatte jo as jo it dan hiel graach hawwe wolle? Ofpakke mei net, keapje kin net, de jierdei of Sinteklaas duorret noch sa’n skoft – en in protte bern binne dan sa snoad, dat se besykje om yn har foardiel te ruiljen. Wy betochten by ús thús dan ek wolris in bytsje ús eigen regels. Wy fregen dan: ‘Ruilje?’, en as de oare net direkt fan nee sei, dan seinen wy gau: ‘Ruile is ’t!’, en wy fûnen, dan wie it fan jin. Gelokkich wiene heit en mem der dan ek noch, en der is wol gauris in ruil weromdraaid, foaral as ien fan beiden (meastal de jongste) der net echt op foarút gongen wie, of gewoan net yn ‘e gaten hie wat it betsjutte om te ruiljen.
Der wie fansels noait folle oan, as de âlderlike macht yngriep en men rekke in tûk regele foardieltsje wer kwyt. Mar it wie wol learsum, want dêrtroch waard dúdlik, wat ruiljen eins is. It is it iene foar it oare – en wat jo weijouwe, binne jo kwyt. En it is in ôfspraak tusken twa folweardige partners. As twa minsken ruilje, moatte se beide witte wêr’t it om giet, wat se kwyt reitsje, en wat se weromkrije. As ien fan beiden dat net yn ‘e gaten hat of hawwe kin, is it gjin ruiljen mear.
De gedachte fan it ruiljen is ek yn tsjerke al in hiele âldenien, en op Goedfreed en Peaske komt dy wer nei foaren. Kristus syn lijen en stjerren, en syn ferrizenis en libben by de Heit, binne faak beskreaun as in ruil. Hy nimt ús dea, ús pine, ús sûndige bestean op Him, en jout ús syn libben, syn hearlikheid en syn plak by de Heit. Yn in krystliet, Gesang 147, stiet it mei safolle wurden: ‘Hij ruilt met ons op vreemde wijs: Hij neemt ons vlees en bloed, en geeft ons in zijns Vaders huis zijn eigen overvloed.’
It byld fan de ruil foar Jezus syn lêste dagen op ierde makket fansels net, dat wy it no begripe. Want wat de dy dagen plakfûn hat, is ûnbegryplik. Wy meie leauwe, dat ús libben beholden is yn ‘e leafde fan God. Mar wêrom oft dat op sa’n menier moast, en hoe’t dat op sa’n menier wurkje kin, giet ús ferstân fier te boppe. En ús fermogens. Want wy hawwe it net yn ús macht, om ús bestean yn te ruiljen foar in oar. Wy kinne net ôfskied nimme fan ús libben, lit stean dêr in oar libben foar yn it plak freegje. Hoe’t Jezus dat dan al kin, weijaan wat ta syn djipste wêzen heart, kin gjin domeny jo útlizze. En it is ek gjin minske kweaôf te nimmen as hy of sy net út ‘e fuotten kin mei de ferhalen fan Goedfreed en Peaske, en net sjocht dat dêr de hope leit foar de wrâld. Wy sjogge it soms sels ek net.
Mar dat byld fan it ruiljen: it kin ús wol by in pear belangrike dingen bepale. Lykas dit: dat God de minsken folslein serieus nimt. God stjoert Jezus nei de ierde, om de minsken it libben yn syn Keninkryk oan te bieden: in nije takomst. En dêrfoar yn it plak nimt Jezus ús âlde takomst oer. Stjerre sûnder ien hâldfêst. Ljocht dat útgiet en net wer oan. Mar it is in ruil: beide partijen moatte it dermei iens wêze. Beide partijen moatte ja sizze. Jezus hat dat al dien, ien kear foar alle minsken. God hat Him dêr ek alle folmacht en frijheid ta jûn. Hy hat Jezus net twongen om syn libben op te jaan. Jezus hat wraksele mei de ruil, dy’t syn grutte opdracht wie, mar Hy hat sels besletten om syn libben hielendal oan te bieden. En syn Heit hat net nei de tiid yngrypt om de saak werom te draaien. Doe’t Jezus oan it krús hong, wie Hy echt fan God ferlitten, en der kamen gjin ingels om Him te helpen. Hy hat syn libben hielendal út hannen jûn, en is allinnich mei de dea oerbleaun.
En krekt like serieus nimt God de minsken. Hy twingt net ien om de ruil mei Jezus oan te nimmen. Alle minsken krije de kâns, en hawwe de frijheid, om ja of nee te sizzen tsjin Him. It libben wurdt ús oanbean, mar it wurdt ús net optwongen. Der wurdt fan ússels in beslút frege, en net ien kin dat beslút foar ús nimme.
Der is ek noch wat oars: jo kinne allinnich jo eigen ruilje. Wat Jezus ús oanbiedt, is net fan ús, mar is fan Him. It libben yn it Keninkryk fan God is net wat dat wy fan ússels al yn ‘e bûse hawwe of dêr’t wy rjochten op jilde litte kinne. God is goed en Jezus libbet sa’t God it bedoeld hat. Mar wy net. De wrâld is net ’tige goed’, sa’t God him ien kear út hannen jûn hat. Ek as wy it foar ússels aardich op streek hawwe, moatte wy ús gjin yllúzjes meitsje. Wat betsjut it werklik, dat minsken de wrâld meitsje sa’t dy no is? Hoefolle pine en ûnrjocht hawwe wy mei elkoar op ús gewisse, en hâlde wy yn stân? Meskien is Goedfreed in momint om dêr eefkes by stil te stean. Net om it te bedjipjen: dêrfoar is it tefolle en te slim. Mar al om ús wekker te hâlden, in oere mei Jezus: dat wy sjogge, dat wy fan ússels de hannen ûnder de sûnde hawwe, en dat it libben yn Gods Keninkryk bûten ús krêften en mooglikheden leit.
Dat wêzentlik eigendom fan ús minsklik bestean nimt Jezus dus oer. Hy giet werklik dea, en hat it ivich libben werklik út hannen jûn. Dat Hy ferriist, is net in restje godlikheid dat Er stikem bewarre hie. It is de genede fan syn Heit, dy’t Him op ‘en nij it libben jout dat Hy earder yn hannen hân hie. It is de genede fan syn Heit, dy’t troch Jezus syn ruiljen oanbean wurdt oan alle minsken dy’t fêstsitte yn ‘e dea – ynklusyf Jezus sels. It is net Jezus syn libben, dat wy op Peaskesnein tsjinkomme, mar ús eigen libben – as wy yngeane op ‘e ruil dy’t Hy ús oanbiedt.
Liuwe H. Westra (april 2009)