Stichting Jabikspaad Fryslân
De stifting hat ta doel it ta stân bringen en yn stân hâlden fan it Jeropeesk netwurk fan historyske pylgerpaden nei Santiago de Compostela, ynsafier dit paad op it grûngebiet fan de regio Fryslân fan it Nederlânsk Genoatskip fan Sint Jacob leit
De stifting is oprjochte yn 1998 en hat der foar soarge dat der no yn pylgerpaad fan Sint Jabik nei Hasselt útset is. Dit Jabikspaad hat in eastrûte fan Sint Jabik fia Ljouwert nei Jirnsum en in westrûte fan Sint Jabik fia Frentsjer nei Jirnsum. It Jabikspaad rint dan as ien rûte troch Fryslân en troch Oerisel nei Hasselt. It Jabikspaad is de Nederlânske oanrinrûte foar pylgers dy’t op wei binne nei it Spaanske Santiago de Compostela. De rûtegids kinne jo keapje yn alle (reis)boekwinkels, fia de webside fan de Friese Pers Boekerij en yn de Jacobshoeve fan Sint Jabik (til. 0518 491057, Westeinde 10).
De acht bestjoerders binne foarsitter Wiep Koehoorn (Stiens), skriuwer Hans de Jong (Nijlân), ponghâlder Klaske Wijbenga (Sint Jabik) en as bysitters: Elly Koopman (Balk), Peet Luehof (Sint Jabik), Janneke Schievink (Harns), Gosse Ytsma (Noardburgum), Jan Romkes van der Wal (Boalsert). Webmaster is Klaas Dankert (Sint Anne). De stifting wurdt holpen troch in grut tal behearders fan de rûte en fan de Sint Jabiksapelbeammen oan it Jabikspaad en troch behearders fan in grut tal stimpels dy’t kuierders ûnderweis sette kinne op harren stimpelkaart fan it Jabikspaad.
De Nijsbrieven fan it Jabikspaad steane lykas alle oare wichtige ynformaasje op de thússide: jabikspaad
Fierdere ynformaasje by de skriuwer:
Hans de Jong, tillefoan 0515 569 769, Hans de Jong