Telle

Telle

Telle

Dit is wer de tiid, dat yn ‘e tsjerken de jiersifers opmakke wurde. Dat betsjut: telle, telle en nochris telle. Sinten, minsken en funksjes. Yn dy folchoarder? Yn ‘e praktyk faak wol. Dat tellen is wurk, dat yn tsjerke net altyd it omtinken en ek de eare krijt dy’t it takomt. It giet ommers om de Bibel, om it leauwe, om hoe’t wy libje yn ‘e wrâld. Dêr wurde wy troch de bûtenwacht op ôfrekkene, en dat binne ek de dingen dy’t wy binnenyn ús hert it measte koesterje. Dat tellen, och, it heart derby – mar jo moatte der beleaven net tefolle tiid mei kwyt wêze. Sa is faak de sfear dy’t der yn tsjerklike gearkomsten hinget.
Mar de minsken dy’t al dat telwurk dogge, meie dan ta har treast betinke, dat net allinnich minsken telle. Ek God de Heare telt yn ‘e himel de minsken, sa stiet der yn Psalm 87: “De Here telt bij het opschrijven der volken.” Dat is in bytsje oars werjûn yn ‘e Fryske Bibel en yn ‘e NBV, mar de gedachte bliuwt stean: God hâldt, as yn in boek, alle minsken sikuer by. En dat sikuere byhâlden, dat is dus mear as allinnich in hobby fan boekhâlders of in needsaaklik kwea.
Wêrom telt God? As God telt, giet it Him blykber tagelyk om elke minske apart, en om it gehiel. Want tellen docht men ien foar ien. Jo telle as jo wis wêze wolle, dat jo net ien oer de holle sjogge. As in bus mei bern op skoalreiske giet, wolle jo net dat der bern efterbliuwe yn it Dolfinarium, en master of juf telt de bern ien foar ien. Elk bern is dan like belangryk. Ien wurdt net faker teld as de oare, mar allegear presys ien kear. Mar der komt ek in oantal út, en dat is ek wichtich. Al dy bern dy’t teld wurde, hearre by de iene groep. As jo teld wurde, hearre jo derby. Ien allinnich wurdt noait teld: jo telle allinnich minsken of dingen dy’t byinoar hearre. As God ús telt, dan hearre wy by syn minsken.
Dêrom heart it tellen ek by de gemeente. Net allinnich leden en sinten, mar wat mar wichtich is foar it gemeentelibben. De kategisanten fan in groep. De sneinen fan 40 dagen en Peaske. De kearen dat in Bibelgroep by elkoar komt. Troch te tellen jouwe wy oan: it gehiel is belangryk, en dêrom moatte wy it presys witte.
Want dat is tellen: eins de iennichste menier foar minsken om dingen presys te witten. De dingen foar ús delsette, en dan ien foar ien neigean, en wilens telle. Dan kinne wy sizze hoe grut oft de gemeente krekt is. Dan kinne wy sizze, wat wy al en wat wy net bestuiverje kinne. Tellen makket my dan meast ek hiel needrich. Want it leafst sjocht men eefkes it hear oer, en makket men jinsels wiis dat men dan wit hoe’t it sit. Mar allinnich dy’t de muoite nimt om de dingen ien foar ien troch de hannen of yn gedachten te nimmen, wit it echt. Dat betsjut, dat jo net safolle witte. Wat jo teld hawwe, dat witte jo.
It betsjut ek, dat minsken net safolle witte fan it ferline en alhielendal net fan ‘e takomst. Want ferline en takomst kinne wy net telle. Foar it ferline moatte wy ôfgean op wat wysels of oaren earder allegear beteld hawwe. En dêr dan mar op betrouwe. Mar hoe’t it ferline presys wie, wat der doe krekt bard is en krekt net, hoe’t jo dat beoardielje moatte – dêr binne alllinnich ferhalen oer. En ferhalen roppe allinnich mar mear ferhalen op, of fragen. Hoefolle minsken wiene der eartiids Herfoarme en hoefolle Grifformeard, yn Lollum en Waaksens? Hoe kaam dat? Wie dat goed, of just ferkeard? Wêrom wie dat sa? En wie dat terjochte? Al dy dingen meie wy graach oer prate, mar elk hat syn eigen ferhaal. En presys witte sille wy it noait.
Sa is it mei de takomst ek. As wy in beslút nimme, wolle wy graach witte hoe’t it dêrnei komt. Mar ek dat kinne wy noait witte. Pas as it safier is, kinne wy it sjen. Mar net ien kin ús garendearje, hoe’t ús stribjen en ús aktiviteiten útpakke sille. Wat kin en wat net kin.
It iennichste wat kin, is neigean hoe’t it no is. En dêrom is dat tellen sa ferskriklike belangryk. Om te witten wat wy hawwe: jild, minsken, aktiviteiten, mooglikheden. As wy dat witte, komt de folgjende fraach: wat wy wolle. Ek God hâldt in kear op fan tellen, en begjint mei ús te feestfieren.

Liuwe H. Westra (maart 2008)