Tolkien en de syktocht nei de wierheid

Tolkien en de syktocht nei de wierheid

Tolkien en de syktocht nei de wierheid

Doe’t John Ronald Reuel Tolkien mei it boek The Lord of the Rings by syn útjouwer oankaam, wie dy earst net entûsjast. It boek wie him fierstente tsjok en fierstente yngewikkeld. Hy woe eins dat Tolkien it ynkoarte, mar dy woe dêr net fan hearre. Der kaam in kompromy: it boek soe yn trije dielen útbrocht wurde, mar net allegear tagelyk. As de ferkeap ôffoel, koe de útjouwer de oplaach oanpasse.
Dat moast ek, mar oars as dat de útjouwer tocht hie: de oplaach moast omheech, en goed ek. It boek waard in kassúkses, en is dat noch altiten: yn mear as 40 talen útbrocht, en sawat tsien jier lyn prachtich ferfilme. Tolkien is yn 1973 stoarn, mar syn wurk libbet noch, en hast alle fantasy- en science fiction-skriuwers brûke fan syn ideeën.
Hoe kin dat? Tolkien skept yn syn wurk in komplete wrâld, en dy wrâld hat wat magysk. Dy wrâld wurdt sa moai beskreaun, en de magy wurket sa sterk, dat it minsken oanlûkt, en soms sels betsjoent. Der besteane Tolkien-genoatskippen, dêr’t de leden har op gearkomsten yn Hobbit- of Elveklean ferklaaie, en meiinoar prate yn ’e talen dy’t Tolkien allinnich mar betocht hie om syn ferhaal kleur te jaan. Der binne sels lju, dy’t miene dat it hiele ferhaal oer Midierde, sa’t Tolkien syn wrâld neamd hat, yn wêzen de oerskiednis is fan ús eigen wrâld, krekt sa’t noch altyd guon minsken miene dat it Oera Linda Bok werklik de oerskiednis fan it minskdom befettet.
Wat makket dy wrâld sa oantreklik? Dêroer ferskille de mienings. It ferhaal is goed skreaun, en is ryk fan taal en styl. It is net allinnich in fertelling, der steane ek gedichten yn. It giet net allinnich oer minsken fan fleis en bloed, mar ek oer hege idéalen. It is net allinnich in ferhaal, mar ek in folsleine mytology. En der rint in dúdlike ferbining tusken Tolkien syn wrâld en uzes. Foar Tolkien sels spile noch wat oars mei: hy miende, dat hy in myte skreaun hie, dy’t yn wêzen oerienkaam mei it boadskip fan it kristendom: it goede wint fan it ferkearde. Mar is goed en ferkeard by Tolkien itselde as goed en ferkeard yn ’e Bibel? Ik bin sa frij om mei de master fan miening te ferskillen.

Yn Tolkien syn fantasijwrâld slacht it kwea foar master op, mar binne der noch in protte resten fan it goede te finen. Guon minsken binne noch net, of net sa slim, bedoarn, guon plakken hawwe trekken fan it Paradys. By bepaalde folken is de wiisheid fan fanâlds noch oanwêzich. Oait wiene de minsken goed, mar troch heechmoed en begearte binne se fallen. Oait hiene se de mooglikheid om mei in skip oer see yn it lân fan kleare ljocht te kommen, mar omdat de minsken fallen is, hat God de ierde krom makke. Oait wiene de minsken sa goed as ûnstjerlik, no wurde se hieltiten minder âld. Oait wie der in hearlik lân op in eilân midden yn ’e see, mar troch de heechmoed fan ’e minsken is dat fersonken. It binne allegear dingen dy’t wol har oanknopingspunten hawwe yn ’e Bibel – en dêrbûten. De sontfloed is deryn werom te finen, mar ek it ferhaal fan Atlantis.
Sadwaande binne der ek ferskillen. Yn ’e Bibel duorret de paradyslike tastân fan ’e minske mar hiel koart, en nei de sûndefal bliuwt dêr eins neat fan oer, of it moasten de hege leeftiden fan ’e âldfaders wêze. Mar moard en deaslach (Kaïn), sinleas geweld (Lamech) en heechmoed (Babel) binne der eins fan it begjin ôf. De earste sûnde is ek net dy fan begearte of heechmoed, mar dy fan alles witte wolle (goed en kwea) en sels yn ’e hân hawwe. Dúdlikheid ynstee fan betrouwen. De slimste sûnde (dy tsjin de Hillige Geast) is by Tolkien de wanhope: de wanhope oan it goede yn de minsken, om krekt te wêzen. By Jezus is de sûnde tsjin de Hillige Geast de wegering om Gods genede oan te nimmen as dy jin foarholden wurdt.
Yn Tolkien wint it goede yn ’e minske it fan it kweade. Wol mei help fan de foarsjennichheid, mar it bliuwt it goede yn ’e minske dat wint: moed, krêft, wiisheid. Yn ’e Bibel oerwint net it goede yn ’e minske, mar it goede yn God: de genede, de leafde, de fermoedsoening. Yn ’e Bibel is de boarne fan it kwea it ferkearde dêr’t minsken foar kieze: de sûnde. By Tolkien komt it kweade by in fallene ingel wei, in soarte fan Satan, dy’t earst sels in kompleet keninkryk opbout, en pas dêrnei de minsken oanfalt. De figuer fan Satan (of Lucifer) is ek yn ’e tsjerke net ûnbekend, mar yn ’e Bibel kriget dy net de skuld fan it kearde. Dêrom is neffens my The Lord of the Rings net in kristlik, mar earder in heidensk boek.

Bliuwt de fraach: wêrom set in domeny soks oer? Kin dat sûnder gefaar foar it sieleheil? It is yn wêzen de fraach dy’t de muontsen en de tsjerkfaars ek beantwurdzje moasten: hoe kinne jo heidenske ferhalen as Homearus en Vergilius moai fine, as se jin net it paad wize nei de wierheid? Dochs hawwe de earste ieuwen alle kristenminsken lêzen leard mei dy ferhalen, en waarden se yn ’e kleasters mei ynmoed oerskreaun. Dat wie ek mar goed, want oars hiene dy ferhalen no foar altyd wei west. Of soe dat faaks dochs de baas wêze?
Foar my is it antwurd, dat yn dy fantasij-wrâld fan Tolkien in dúdlik ferlangen leit, in langst nei ferlossing. Sels dy heidenske wrâld mei al syn minsken mei singeliere jeften en heldemoed, sels dy wrâld hat by einsluten gjin oar perspektyf as de dea. De dea liket by Tolkien minder slim te wêzen as yn ’e Bibel, minder in straf as in jefte, mar hy hat wol it lêste wurd. Al it goede is doemd om ûnder te gean – en dat makket it ferhaal fan Tolkien net allinnich moai en fleurich, mar ek op alle siden in bytsje mankelyk. It lêzen fan sa’n ferhaal lit jin dus sjen, hoe betreklik oft jins eigen mooglikheden en deugden binne, hoe’n lyts bytsje as wy sels yn dizze wrâld berikke. Op eigen krêft komme wy net tichter by ús doel, mar allinnich fierder derôf. As der al in Paradys op ierde west hat, dan ferdwynt dat alle dagen fierder en fierder efter de kime. Dat makket Tolkien syn wurk foar my yn ’e grûn sa weardefol: it ropt op ta besinning, ta ynkear, wa wit sels ta boete. En al hat it gjin penitinsje west om dit boek oer te setten, ik bin bliid dat ik dêrby bepaald wurden bin. Tolkien skilderet in wrâld dy’t wachtet op ferlossing, en ik bin him tankber dat er my dat sjen litten hat.

Liuwe H. Westra
Liuwe H. Westra hat it earste diel fan The Lord of the Rings oerset yn it Frysk: Master fan alle Ringen. Diel 1: It Selskip fan de Ring. It boek, útjûn by Utjouwerij Frysk en Frij en Utjouwerij Elikser.