Tsjerke mei takomst. Tiid foar in Fryske tsjerke?

Tsjerke mei takomst. Tiid foar in Fryske tsjerke?

De Fedde Schurer-lêzing op 14 novimber 2015 waard yn Tresoar holden troch dr. Liuwe H. Westra, dominy te Lollum. Westra is âld-bestjoerslid fan de stichting Krúspunt.

In goed jier lyn waard ik troch it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging fia de Stifting Krúspunt frege oft ik ek ree wie om dizze Fedde Schurerlêzing te hâlden. Dat moast dan gean oer it plak fan it Frysk yn ’e tsjerken – in ûnderwerp dat fansels hielendal by de Ried fan de Fryske Beweging past, en net te ferjitten ek by de persoan fan Fedde Schurer, dy’t mear as ien kear it folsleine psalmboek ferfryske hat. No, dêroer hie  ik fansels wol ideeën – fan myn earste preek ôf haw ik hast altiten it Frysk brûkt as ik dat koe yn tsjerketsjinsten, sels doe’t ik noch midden yn ’e oplieding yn Grins siet. Foar besprekken en offisjele tintamens sette ik sa’n preek dan letter oer yn it Hollânsk. Dat sei ik der dan net altyd by, omdat ik op ien of oare menier it gefoel hie dat ik dêr wolris gemiter mei krije koe mei guon fan ’e hearen professoaren – foaral dy iene, dy’t ek noch yn Fryslân wenne, koe foar soks net folle begryp opbringe.

‘Tsjerke mei takomst. Tiid foar in Fryske tsjerke?

Piter van der Plank, taalsosjolooch te Waaksens (WD), reagearre as koreferint op Westra syn lêzing. Ek dy bydrage is hjir nei te lêzen.