Wat minder domeny
wat minder domeny?
Ja, doe stie it ynienen yn ‘e krante: domeny Westra krijt de kâns om foar in pear dagen yn ‘e wike te wurkjen oan ‘e universiteit. Iderien dy’t my in lyts bytsje ken, wit dat dit in hiel bysûndere kâns is dy’t ik persoanlik graach oangryp. Mar wat betsjut soks foar it wurk yn ‘e gemeente? En foar myn domenywêzen?
Foarhinne bestiene der gjin dieltyddomenys. Jo wiene domeny foar de hiele wike, 7 kear 24 oeren. Yn dy tiid moasten jo ien of twa preken meitsje, kategisaasje jaan, de gearkomsten fan ‘e tsjerkeried en de klassis bywenje (en soms ek notulearje), dope, begrave en siken opsykje. Hoefolle tiid oft dat koste, waard net nei sjoen. Elkenien wist, dat der rêstige en drokke gemeenten wiene, en gemeenten dy’t minder of better betellen. Der waard net in oantal oeren of deidielen wurk ferwachte. As in domeny mar beskikber wie as er nedich wie, en de fêste dingen op ‘e tiid trochgiene.
Dat is fansels yn ‘e tweintichste ieu foargoed feroare. Meidat it minder gewoan waard om by in tsjerke te hearren en nei in tsjerke ta te gean, woe de tsjerke der mear foar dwaan om de minsken derby te belûken. Dat is de eftergrûn fan de húsbesite op geregelde basis. Fan dat stuit ôf waard der ferwachte dat in domeny op mominten dat der net wat oars wie geregeld ‘de gemeente yn gong’.
Yn ‘e twadde helt fan ‘e ieu kaam dêrby, dat der bibeljûnen en oare foarmjende aktiviteiten op tou set waarden. Yn ‘e njoggentjinde ieu en foar de oarloch hiene de minsken soks noch gewoan net oan tiid, mar nei 1950 feroare dat hurd. Noch wat letter begûnen de spesjale tsjinsten, de jeugdtsjinsten, de gesinstsjinsten, en neam it allegear mar op, dêr’t aparte kommisjes foar kamen en dêr siet de domeny dan as foargonger ek by.
De minsken woene hieltyd mear yn en om de tsjerke – mar der kamen net mear oeren yn in wike. Fan dat stuit ôf moast in domeny hieltyd mear kieze. Wat doch ik al, wat doch ik net? En moast de gemeente kieze: wat litte wy ús domeny al dwaan, wat net? Dêrby wiene der gemeenten, dy’t wolris wat tefolle fregen, en ek domenys, dy’t mienden dat se tefolle moasten. Troch skea en skande hawwe de tsjerken útfûn, dat it goed is om in maksimum te stellen oan de tiid dy’t in domeny yn ‘e gemeente wurket, omdat jo oars minsken ferniele. Der is ferskil yn ‘e tiid dat jo domeny binne, en de tiid dat jo as domeny oan it wurk binne.
Sa hoopje ik, dat it slagget om hjir noch lang domeny te wêzen. Dat wol sizze: beskikber wêze foar de gemeente en foar it hiele doarp as ‘beropsgelovige’. Mar de tiid dy’t ik as domeny oan it wurk bin, sil meskien feroarje. Dat freget kiezen: wat doch ik al, wat doch ik net? En ek: as de domeny it net docht, wa docht it dan? Of hoecht it dan net mear? Wy sille in tal praktyske saken praktysk regelje moatte. Mar úteinlings wurde wy oansprutsen op ús geloof en ús fyzje. Wat fine wy belangryk, dat der út tsjerke wei dien wurdt yn dizze doarpen?
Liuwe H. Westra (augustus 2009)