Pioniers sûnder Folgers
De preek fan Geart Ailco Wumkes op 3 jannewaris 1915 kaam net út ’e loft wei fallen. Oaren hiene yn eardere jierren al ris in Fryske preek of tsjinst weage; Wumkes wie de earste dy’t dat yn in ‘gewoane’ tsjinst op sneintemoarn die.
Om dêrby stil te stean, om nei te tinken oer wat dat foar dy tiid betsjutte, en fansels om de sitewaasje fan hjoeddedei ek wer ris tsjin it ljocht te hâlden, is der in boekje ferskynd: “Pioniers sûnder Folgers”. Yn dat boekje steane skôgings fan Abe de Vries, Liuwe Westra en Koen Zondag, mei tuskentroch in Fryske preek fan domeny Sibe Kornelis Bakker dy’t dy yn 1914 yn Frjentsjer hold, en de bekende preek fan Wumkes.
Nei de feestlike prissentaasje op Pinkstersnein yn ’e tsjerke fan Tsjom is it boekje ek te bestellen by adm@kruspunt.nl. It boekje kostet € 7,75 inkl. ferstjoerderskosten.
It Friesch Deiblêd publisearre in opinystik oer it ferskinen fan it boekwurkje op sneon 23 maaie 2015.