Bernard Smilde priis 2017

Bernard Smilde priis 2017

Bernard Smilde priis 2017

Fiif jier lyn hat de ‘stichting Krúspunt’ de Bernard Smilde priis ynsteld. Elk jier waard der in nij tema útsocht dêr’t it yn te stjoeren liet of fers oer gean moast.

                              It tema foar 2017 is  “jûnsliet”.

De priis bestiet út € 250, in komposysje-opdracht om it winnende liet of fers op muzyk te setten, en publikaasje op ’e webside fan Krúspunt. It liet of fers moat gaadlik wêze om breed te brûken yn tsjerke (gemeente, parochy), mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar gospelgroep of koar is ek tastien.

Ynstjoeringen moasten úterlik 1 april  2017 binnen wêze.

De priiswinner is bekend makke op ’e Krúspuntdei sneon 22 april yn de Kapel fan Bloemkamp: Folkert Verbeek út Sleat. Hy naam sels  út hannen fan bestjoerslid Toos Reichman de priis mei bybehearrende  blommen en oarkonde yn ûntfangst. Yn syn tankwurd neamde Verbeek dat hy yn it ferline wol mei Bernard Smilde gearwurke hie. Hy wie der tige wiis mei dat him no de priis tafoel dy’t nei Smilde neamd is.

Lês hjir it sjueryrapport

It winnnende liet op muzyk set.

Klik hjir foar de fierdere betingsten.