Betingsten foar it meidwaan oan de Bernard Smilde priis
Betingsten Bernard Smilde priis 2020
Foarôf:
De Stichting Krúspunt is fan betinken, dat der yn Fryslân te min eigentalige tsjerkelieten yn libben gebrûk binne. Der is in protte materiaal yn bondels beskikber, mar de measte fan dy bondels binne yn breder fermidden ûntstien, en ús docht bliken dat net alle lieten yn bygelyks it ‘Lieteboek, Sjonge en bidde thús en yn tsjerke’ oanslute yn Fryslân, ek net as se yn it Frysk oerset binne.
Dêrom wol Krúspunt fan ûnderen op stimulearje, dat de minsken dy’t de tsjerken (of oare geloofsmienskippen) drage, sels mei moaie lieten komme. Op termyn kin sa in nije skat fan lieten fan ’e mienskip ûntstean.
Reglemint
- De priis is foar de tekst skriuwe fan in nij Frysktalich tsjerkeliet. De priis bestiet út in jildbedrach fan € 250, publikaasje fan it liet op ’e webside fan Krúspunt, en de opdracht oan in komponist om by it liet in wize (as dy der noch net is) of in setting (by in besteande wize) te komponearjen.
- It liet hoecht net oarspronklik yn it Frysk skreaun te wêzen, mar mei ek nij oerset wêze. In liet yn ien fan de oare memmetalen yn Fryslân mei ek ynstjoerd wurde, as der mar al in Fryske oersetting by is.
- De priisfraach wurdt útskreaun foar de tekst fan in liet; it is altyd tastien om ek in wize yn te stjoeren, of in besteande wize te neamen dêr’t it liet op songen wurde kin.
- It liet of fers moat gaadlik wêze om breed te brûken yn tsjerke (gemeente, parochy), mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar gospelgroep of koar is ek tastien.
- Lieten dy’t op hokker wize ek al yn in Fryske oersetting publisearre binne of brûkt wurde, kinne net ynstjoerd wurde.
- By it brûken fan besteand materiaal (itsij wizen, itsij in tekst dy’t oerset is) moat de komponist of skriuwer neamd wurde, mei it plak dêr’t dit orizjineel publisearre is.
- De ynstjoerder jout troch yn te stjoeren tastimming:
– dat syn of har liet publisearre wurdt op de webside fan Krúspunt, mei fermelding fan alle auteursgegevens.
– dat syn of har liet publisearre wurdt troch Krúspunt, op pepier of digitaal, of yn in bondel mei fermelding fan alle auteursgegevens.
– dat syn of har liet publiseare wurdt yn sociale media op accounts dy’t troch Krúspunt sels oanmakke binne. - De ynstjoeringen sille hifke wurde troch in saakkundige sjuery, dy’t alle jierren beneamd wurdt troch it bestjoer fan Krúspunt, en dy’t bestiet út in musikus, in letterkundige en in teolooch. Yn prinsipe wurdt alle jierren ien sjuerylid nij beneamd, en kinne sjueryleden trije jier efterinoar meidwaan. Leden fan de sjuery en guon dy’t yn ’e organisaasje behelle binne binne útsletten as priiswinner.
Praktysk
It bestjoer fan Krúspunt skriuwt alle jierren op ’en nij de priisfraach út en regelet dêrby alle praktyske saken dy’t mei de publisiteit, de ynstruksje fan de sjuery, it sammeljen fan ’e ynstjoeringen, it kontakt mei de priiswinner en it útrikken fan de priis te krijen hawwe. It bestjoer hat it frij, om alle jierren spesifike betingsten oan de ynstjoeringen te stellen.
Ynstjoeringen, uterlik 14 maart 2020:
Stichting Krúspunt
bsp@kruspunt.nl
Bernard Smilde priis 2020