Bernard Smilde priis 2018
Bernard Smilde priis 2018
Seis jier lyn hat de ‘stichting Krúspunt’ de Bernard Smilde*) priis ynsteld. Elk jier waard der in nij tema útsocht dêr’t it yn te stjoeren liet of fers oer gean moast.
It tema foar 2018 is “moarnsliet”.
De priis bestiet út € 250, in komposysje-opdracht om it winnende liet of fers op muzyk te setten, en publikaasje op ’e webside fan Krúspunt.
De priisfraach wurdt útskreaun foar de tekst fan in liet; it is altyd tastien om ek in wize yn te stjoeren, of in besteande wize te neamen dêr’t it liet op songen wurde kin.
It liet of fers moat gaadlik wêze om breed te brûken yn tsjerke (gemeente, parochy), mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar gospelgroep of koar is ek tastien.
Op ’e Krúspuntdei sneon 21 april 2018 yn Akkrum waard út namme fan de sjuery, dy’t bestie út Adri Terlouw, David de Jong en Margryt Poortstra, bekend makke dat der spitigernôch yn 2018 gjin Bernard Smilde priis útrikt wurde koe.
Dit binne de betingsten werûnder meidien waard.
*) Dizze priis is neamd nei de ein augustus 2014 ferstoarne bekende en produktive komponist Bernard Smilde, oersetter, tekstdichter en redakteur fan it Fryske tsjerkeliet yn ’e twadde helte fan de 20e iuw.