Boekbesprek op wei nei in nije Fryske bibeloersetting op termyn (Diel 4)
Wiep Koehoorn út Feinsum is oan it ûndersykjen of it mooglik is dat der op termyn in nije Fryske bibeloersetting komme kin.
Hy wol op ferskillende wizen dit oan de oarder stelle. Ien fan de startaktiviteiten is dat er út de besteande literatuer oer de Fryske Bibel sa no en dan ris in boek(je) kiest, lêst en besprekt.
Hy wol sa wat mear te witten komme oer wat der rûn Fryske bibeloersettings yn it ferline dien is. Ien fan de boekjes dy’t hy dêrta lêzen hat, is it boekje ‘Een nieuwe Friese Bijbelvertaling / In nije Fryske Bibeloersetting’ fan M.J. de Haan mei ds. B. Smilde.
Klik hjir op publikaasje om it boekbesprek te lêzen, dat te finen is op de weblog fan Koehoorn.
It like Krúspunt nijsgjirrich ta om dit boekbesprek (en der komme noch in tal oare) ek op de webside van Krúspunt te publisearjen. Krúspunt-webside-besikers kinne dan sa stadichoan meinommen wurde yn de gong nei in nije Fryske bibeloersetting. It sil wol in lange gong wurde om in nije Fryske bibeloersetting te realisearjen, mar as der net ien úteinset, kom je nea in stap fierder.
Dit is in hoeden begjin fan Koehoorn, en wa’t mei dwaan wol, is wolkom. Der sil oanhâlden wurde moatte as storein. Dan sil der wiswier ea wolris wer in nije Fryske bibeloersetting ferskine.
Krúspunt wol by dizze earste stappen meidwaan troch op de eigen webside nei dizze boekbesprekken troch te linken nei de weblog fan Wiep Koehoorn.