Fjirtich dagen lang

Fjirtich dagen lang

40 dagen lang

As dit nûmer fan Underweis útkomt, sitte wy al wer eefkes yn ’e 40 dagen. Dy 40 dagen binne in hiel skoft, en sa fielt it ek. De Advint is eins altyd earder foarby as dat men it yn ’e gaten hat – soms duorret dy tiid mar krekt trije wike, en dan is it al wer Kryst. Mar dy 40 dagen, dêr sjogge jo de ein net fan. En as it ien kear Peaske is, dan is foar jins gefoel de tiid fan foàr it karnaval al hielendal ferdwûn.
Dat is de bedoeling ek. Yn ’e Bibel betsjut it getal 40 altyd safolle as: in komplete tiid. As Moazes yn Egypte ien deaslein hat, moat er earst 40 jier nei it bûtenlân. Der moat in minskeleeftyd oerhinne gean, en dan kin er weromkomme. En dan giet er mei it folk Israel op Exodus: noch in kear 40 jier. Want nei de misstap by it goudene bollekeal, moat der earst in ginneraasje fuort wêze, dan kin it folk pas wer fierder. Sa besjoen soe it hiel bibelsk wêze, om de straf ‘libbenslang’ om te setten yn ‘40 jier’. Dan binne jo in minskeleeftyd fierder, en dan binne dingen in kear ferjierre. Sa is it ek mei de 40 dagen foar Peaske, dy’t wy weromfiere op Jezus syn 40 dagen yn ’e woestyn. Mei dy 40 dagen – en dan ek noch sûnder iten of drinken – nimt Jezus ôfskied fan syn hiele eardere libben. It is net om ’e nocht, dat wy fan Jezus syn bernetiid en feintejierren sa goed as neat witte.Dy tiid hat Er ôfskied fan nommen yn ’e woestyn, 40 dagen lang, dus hielendal. Oan ’e ein fan dy 40 dagen hied Er de emosjonele bannen mei syn eardere libben hielendal trochsnijd. As wy ús yn 40 dagen wer tariede op it feest fan Peaske, dan sit dêr dus ek wat fan loslitten yn. Peaske is it feest fan it nije libben, en dan moat it âlde libben earst efter jin lizze. It âlde libben mei syn setten en pretten, mei ús drokten en dingen – it is net ferkeard, it is in geskink fan God. Mar it is net it paad fan Jezus. As wy Him folgje wolle, moatte wy ek dingen loslitte. En Him folgje, dat is ek syn paad gean, de wei gean fan syn Heit. It bysûndere fan Jezus is eins net dat Er wûnders dien hat en wize dingen sein. Der binne genôch minsken dy’t dat ek kinne. Mar it bysûndere fan Jezus is, dat Er net ien kear fan it paad ôf rekke is, dat syn Heit foar minsken útsetten hat. It paad fan de wet, it paad fan Gods leafde foar de minsken. Eins is dat paad hielendal net dreech. Jo hoege allinnich mar God foar eagen te hâlden, en te tinken om jo neiste. De goede kant út rinne, en gjin misse setten dwaan. En alle dagen as de sinne opkomt, lit God ús wer it bewiis fan syn gloarje en syn leafde sjen. Alle dagen hawwe wy minsken om ús hinne. Wy hoege allinnich mar net ien fan al dy minsken te koart te dwaan, en God de eare te jaan dy’t Him takomt. Net ús eigen doelen en gloarje, mar God sines. Dat hat Jezus dien, en Hy hat Him troch gjin machten en gjin minsken fan dat paad ôf bringe litten. Sels op syn wei nei it krús hat Er gjin minske wat ferkeards tawinske. En altyd hat Er God de eare jûn en besocht om te dwaan wat syn Heit fan Him frege. De 40 dagen binne ek bedoeld, om Jezus dêryn te folgjen. Op syn paad troch de woestyn,oer de berch, tusken de minsken, dat út nei Jeruzalem. Omdat dat it paad is nei it libben, it iennichste paad. De hiele 40 dagen lang om ôfskied te nimmen fan it ferkearde yn ús libben, hieltyd ûnderbrutsen troch in snein om te fieren dat Gods bedoeling ús foarlân is. Hâlde jo dat fol? Netmear ite en drinke as dat nedich is om yn it libben te bliuwen, om de neisten tinke sa’t wy om ússels tinke, yn elke sitewaasje earst freegje nei Gods bedoeling en dan pas wat sizze of wat dwaan? Wy hoege Gods Keninkryk der net mei op ierde te bringen, wy hoege allinnich mar Jezus trou te bliuwen. In skoft fan 40 dagen lang libje yn syn spoar. Hâlde wy dat fol? As men sa bewust mei de 40 dagen oan ’e gong is, fynt men jinsels ek altyd in kear neist it paad werom. In minske kin noch sa fol mei goed bedoelen sitte, der komt in dei, dan slagget it net, dan giet it eigen belang wer foar, dan stiet jin de holle der net nei – neam it allegear mar op. It binne de mominten dat Jezus syn wurd op ús fan tapassing is: Koene jim no net ien oere mei my wekker bliuwe? De 40 dagen binne ek bedoeld, om ús ôf te learen dat wy sels de wrâld bringe sille dêr’t er wêze moat. Yn alle illinde dy’t der op dit stuit oer ús hinne komt, moatte wy net miene dat wy àl Gods Keninkryk op ierde festigje kinne. Wy kinne net mear as dat wy kinne, en de sûnde hat mear macht oer ús as dat wy wier hawwe wolle. De 40 dagen binne ek bedoeld om ta ynkear te kommen, wat út in minder grut gat te blazen, beskiedenheid te learen, of sa’t it yn it Frysk sa moai hjit: dimmenens. Lear fan my, seit Jezus, dat Ik dimmen bin.As men dy ûnderfining troch de 40 dagen in kear krijt, krijt ek Peaske in nije diminsje. Dan wurdt dy earste feestlike moarn yn ’e maitiid werklik in geskink, in nij begjin dat jo net ôfpraat hawwe, mar dat op jo takomt, in útstutsen hân fan God, de Skepping op ’en nij. Ik wol beslute mei de wurden fan in liet, dat besiket om dizze gedachten ûnder wurden te bringen. En ik winskje elk 40 dagen fan tarieding, fan folhâlden, en ek fan ynkear. Fjirtich dagen geane wy.

Kinst net samar Peaske fiere:
oeral is fertriet op ierde
en de minsken binn’ net frij.
Fjirtich dagen geane wy.
Heare, help ús, dat wy leare
hoe’t wy haat en ûnrjocht keare,
honger, kjeld en fjochterij.
Fjirtich dagen geane wy.
As wy minder yt’ en drinke
kinn’ wy fiele en betinke:
’t is net goed as ien neat krijt.
Fjirtich dagen geane wy.
Help ús dat wy net ferjitte:
yn ’e huzen en op strjitte
sjochst soms leed dat Jezus lijt.
Fjirtich dagen geane wy.
Peaske sill’ wy aansen fiere,
nei de nacht komt it lemieren:
Jezus makket alles nij.

Jiskewoansdei 2015
Liuwe H. Westra