Krystpreek fan ds. L.H. Westra

Krystpreek fan ds. L.H. Westra

Kryst is it feest fan kontakt. Kontakt, waarmte en plak foar elk. In plak foar elk minske tusken de oare minsken. In plak foar de wrâld ûnder de himel. In plak foar de himel yn ‘e herten fan ‘e minsken. 

Mei it berntsje Jezus stjoert God ien nei de ierde ta, dy’t nei ús harket. En syn hiele leafde en syn hiele bedoeling binne yn dat berntsje fleis en bloed wurden. Tsjin Him meie wy alles sizze. Dat begjint al yn ‘e stâl. Just dêr. Omdat neat sa kwetsber en tear is as in berntsje. Kenne jim dat, dat jo mei in lyts bern, fan in pear dagen, in pear wiken âld, yn ‘e hannen sitte, allinnich, en dat jo dan mei in pear wurden jo hiele hert útstoarte kinne? Dat doare jo, omdat sa’n berntsje jo noait feroardielje sil, of útlaitsje, of dingen trochfertelle, of misbrûk meitsje.

Lês hjir de hiele preek fan ds. L.H. Westra