Margriet Poortstra wint Bernard Smilde priis 2015 opnij

Margriet Poortstra wint Bernard Smilde priis 2015 opnij

De sjuery dy’t it moaiste ‘Peaskeliet’ út de 19 ynstjoeringen kieze moast, keazen it liet “Peaske” út ta winner. It liet wie ynstjoerd troch Margriet Poortstra út Zeewolde. Sy wûn dêrmei de Bernard Smilde priis foar de twadde kear. Se krige ôfrûne sneon 21 maart de priis op de jiergearkomste fan Krúspunt útrikt yn de Terptsjerke fan Akkrum. De útrikking waard dien troch Krúspuntbestjoerster Toos Reichman-Scheffer.

In earfolle fermelding wie der foar Boukje Nijholt-Mous fan Nijehoanne foar it liet “Oerwinning”, in oersetting fan ‘Awake and Arise’ in tekst fan Theodor E. Curtis (1872-1957). Geart van der Heide fan Surhústerfean soarge foar in passende melody by it winnende peaskeliet, sadat it by de útrikking songen wurde koe yn de Terptsjerke. Foar de Peaske, as it liet songen wurde kin yn alle tsjerken, mei nammen yn Fryslân, is der ek in setting beskikber fia de webside fan Krúspunt.

Klik hjir foar it ynladen fan ien fan de mooglikheden fan it winnende liet ‘Peaske’ fan Margriet Poortstra of foar de oersetting ‘Oerwinning’ fan Boukje Nijholt-Mous, dêr’t se in earfolle fermelding foar krige.

Margryt Poortstra makke skriuw it liet ‘Peaske’ en Geart van der Heide hat der ferskillende ferzy’s fan te brûken muzyk by makke. Klik op de fersy dy’t jo brûke wolle.

Se binne allegearre neist inoar te brûken.

Fan it liet ‘Oerwinner’, in oersetting fan Boukje Nijholt-Mous fan it liet ‘Awake and Arise’, ha jo ek twa mooglikheden om del te heljen.


Klik hjir foar it sjueryrapport.

Fan eltsenien, dy’t it boppesteand materiaal brûkt, wurdt ferwachte dat se de auteur fan it liet en de auteur fan de melody fermelde. It materiaal is gratis yn te laden. In gift foar Krúspunt is fansels noait wei: foar gegevens klik hjir.