Meditaasje: himel en ierde (troch: Liuwe H. Westra)

Meditaasje: himel en ierde (troch: Liuwe H. Westra)

Koartby wie der wer in stoarm yn in glês wetter. God soe himel en ierde net ‘skepen’ (‘geschapen’) hawwe, mar ‘skaat’ (‘gescheiden’). Of eins: it wurd dat yn ’e Bibel altyd mei ‘skeppe’ oerset is, soe eins ‘skiede’ betsjutte. Mei oare wurden: de ierde hie der altyd al west. God hat de ierde net makke, mar allinnich mar soarge dat der libben ûntstean koe troch boppe en ûnder, wiet en droech, ljocht en tsjuster fan elkoar te skieden.
No is dat ek noch net sa’n lytse prestaasje. It is yndied in part fan God syn skeppende aktiviteit, dat Hy soarget dat wy as minsken (en wy net allinnich, mar ek de bisten en de planten) op ierde libje kinne. Dêrta moatte ljocht en tsjuster, see en lân, loft en ierde wol út elkoar holden wurde. Sûnder oarder wurdt de ierde in gaos dêr’t gjin libben mooglik is. Dat wurdt ek beskreaun yn Genesis 1: God wiist alles syn plak, dat der libben mooglik is. En dat docht God noch altyd.
By skepping heart skieding, oarder. Mar skeppe is ek meitsje. As der stiet dat God himel en ierde skept, dan betsjut dat net dat God himel en ierde út elkoar hellet, mar dat Er alles dat minsken mar betinke kinne – himel en ierde en alles wat dêrtuskenyn is – makket út it neat. Krekt sa’t er nei ferrin fan tiid minsken ‘skept’ nei syn byld, en net minsken ‘skiedt’. De minske wie der earst net, en op in goede dei al. Noch altyd witte wy net, hoe’t dat krekt yn syn wurk gien is. It is ien fan ’e geheimen fan ’e skepping.

Dêrby is it sa, dat it liket as is dy hiele skepping derop talein, dat dêryn minsken libje kinne. Der is romte, der is tiid. Wy kinne bewege, fan it iene plak nei it oare. Wy kinne libje, fan ’e iene dei nei de oare ta. Yn de romte dy’t God foar ús makke hat, kinne wy sykje nei in doel. En as wy alle romte dy’t wy yn in minskelibben krije opbrûkt hawwe, ûntdekke wy dat wy dat doel net berikke kinne. Dêroer giet de rest fan ’e Bibel. Dat minsken har yn frijheid – neffens Gods byld – bewege kinne yn ’e romte dy’t harren taskikt is, en dat se by al har beweech harren doel net fine kinne.
Dat is ek skieding, mar gjin skieding dy’t God makke hat mei de skepping. Dat is de skieding fan ’e sûnde. Dat de wrâld sa’t God dy bedoeld hat skaat is fan ’e wrâld dêr’t wy ús yn bewege. Wy komme net fan ’e iene yn ’e oare. Wy bliuwe opsletten yn in wrâld, dêr’t it ûnrjocht en de pine en úteinlings de dea it lêste wurd hawwe. Mar dat is gjin skepping, dat is sûnde.
Faak freegje minsken: as God der is, wêrom docht Er dêr dan neat oan? Yn ’e advintstiid meie wy ús derop klearmeitsje, dat God der yndied al wat oan docht. Net op ’e menier sa’t minsken faak freegje. Net troch direkt yn te gripen, of bepaalde dingen te kearen dy’t net neffens syn bedoeling binne. As ien him baarnt oan siedend wetter, kuollet God it wetter net ôf en jout Er ús gjin hûd fan asbest. Wetter siedt no ien kear by 100 graden, en it fel fan in minske kin dêr net oer. Sa is de skepping, en dat is ek goed.
It soe ek nuver wêze om fan God te freegjen, dat Er alle minsken dy’t op ’e doele binne persoanlik op it goede spoar set. Dan is der gjin ûnderskied mear tusken himel en ierde. Dan binne wy ús frijheid kwyt – en dus ek ús byld fan God. Dan is der gjin skepping mear.

Wat wy aansen mei de krystdagen fiere meie, dat is dat God werklik de ierde oanrekke hat op ien punt, op ien momint: it momint dat Jezus libbe hat op ierde. Syn optreden ûntnimt ús de frijheid net. En tagelyk is syn libben sadanich, dat Hy elk minske tsjinkomt. Hy rekket ús oan, omdat Hy diel is fan ús systeem. Hy hat Him mei itselde fleis en bloed beweegd as wy. Hy wie like kwetsber as it kwetsberste minskebern. Hy moast mei deselde mooglikheden en mei deselde swakheden as dy’t wy hawwe Gods doel berikke. En Hy hat sjen litten dat dat kin.
Dat meie wy fiere. Dat de himel de ierde oanrekke hat. Op ien punt. Mar wol de hiele ierde. De folsleine ierde. Us ierde. Om it paad frij te meitsjen nei de himel. Om de skepping in nije kâns te jaan.

Liuwe H. Westra (desimber 2009)