Op wei nei in nije Fryske bibeloersetting (Diel 5)
Ferslach fan it op wei gean nei in nije Fryske bibeloersetting op termyn (Diel 5)
Wiep Koehoorn út Feinsum hat yn de ôfrûne jierren ûndersocht of it mooglik is dat der op termyn in nije Fryske bibeloersetting komme kin.
Hy woe it op ferskillende wizen oan de oarder stelle.
Ien fan de startaktiviteiten is dat er út de besteande literatuer oer de Fryske Bibel sa no en dan ris in boek(je) kiest, lêst en besprekt.
Hy wol sa wat mear te witten komme oer wat der rûn Fryske bibeloersettings yn it ferline dien is.
Op dizze webside fan Krúspunt binne de earste fjouwer boekbesprekken fan Koehoorn al publisearre.
Op 17 jannewaris 2020 organisearre it YKFE in stúdzjegearkomste oer de nij Fryske bibeloersetting, dêr’t al mei útein set is.
Klik hjir op publikaasje om it ferslach te lêzen, dat te finen is op de weblog fan Koehoorn.
It like Krúspunt nijsgjirrich ta om ek dit ferslach (en der komme noch in tal oare blogs) ek op de webside van Krúspunt te publisearjen.
Krúspunt-webside-besikers kinne dan sa stadichoan meinommen wurde yn de gong nei in nije Fryske bibeloersetting.
It is allegearre noch wat in hoeden begjin, en wa’t mei dwaan wol, is wolkom. Der sil oanhâlden wurde moatte as storein. Dan sil der wiswier oer in tal jierren wer in nije Fryske bibeloersetting ferskine.
Krúspunt wol by dizze earste stappen meidwaan troch op de eigen webside nei dizze boekbesprekken en ferslaggen troch te linken nei de weblog fan Wiep Koehoorn.