Preek Wite Tongersdei 2016 nei oanlieding fan oanslaggen yn Brussel

Preek Wite Tongersdei 2016 nei oanlieding fan oanslaggen yn Brussel

Preek Wite Tongersdei 2016 holden by de nachtmielfiering yn Burchwert,

Troch ds. Liuwe H. Westra op 24 maart 2016

lêzing: Lukas 22: 1-38

Gemeente fan ’e Hear,

By it Joadske Peaskefeest heart in bern fan ’e húshâlding te freegjen: Wêrom binne dizze dagen oars as alle oare dagen? It hiele hûs skjin, spesjaal servys, platte bôlen, de lege stoel foar Elia. Yn Brussel binne dizze dagen ek foargoed oars as oars, en sille se dat lang bliuwe. Wy meie bidde dat wy foar soks bewarre bliuwe.
As soks bart, en men jout jin deryn, dan wurdt it wer logysk dat der in duvel is. Wa kin ien sa gek krije, dat dy himsels opblaast om mar safolle mooglik minsken dea te krijen? Dat hat neat mei it leauwe te krijen. It leauwe is ien fan ’e safolle middels dy’t de duvel brûkt. Mar der binne ek oare middels. Wat te tinken fan dy piloat dy’t himsels mei in fleantúch fol minsken tepletter fleach? Dat is ek duvelsk: bewust illinde en fertriet om jin hinne struie.
De duvel is it ek dy’t Judas sa fier krijt dat er Jezus ferret. It wurket op ’e selde menier: de persoan sels kostet it it libben, en op ’e eftergrûn binne de minsken bliid dy’t de stumper sa fier krigen hawwe. Alles mei alles bringt it oars net as illinde en hat net ien hjir wat oan. De duvel kin it net útstean, dat it goede alle dagen wer ûntstiet. Minsken sykje nei in freedsume menier om te libjen. Moslims, kristens, joaden en guon dy’t net by in godstsjinst leauwe. As dêr frede tusken is, kin de duvel dat net útstean. Krekt sa’t er it net útstean koe, dat Jezus net oprôp ta boargeroarloch en bloedferjitten, dat er siken en lepralijers werom yn ’e mienskip helle, dat er minsken op it ferkearde paad in nije kâns joech. Soks kin de duvel net oer. En dat sjogge wy dizze dagen.

Wat docht Jezus dêrtsjin? En wat moatte wy dwaan?

Alderearst: Jezus seit net dat wy ús net ferdigenje meie. Oan ’e ein fan it stik dat wy lêzen hawwe seit Er sels: Myn advys fan radikale geweldleazens is hjirby ynlutsen. Dy’t gjin swurd hat, moat sjen dat er ien keapet. Yn in wrâld mei in duvel kinne wy net sûnder menieren om ús te ferdigenjen.
It twadde is: dêrmei ferslane wy de duvel net. It kin in menier wêze om minsken dy’t troch him op sleeptou nommen binne, ús fan it liif te hâlden. Mar de duvel reitsje wy net mei swurden. As wy syn tsjinners deadzje, of se deadzje harsels, dan siket er nijen. Dêrom giet Jezus der ek net op yn, as in pear fan syn learlingen entûsjast mei twa swurden oankomme. Dêr is Hy net foar kommen.
Jezus is kommen om de duvel sels te ferslaan. Dat docht Er troch him net mei syn eigen wapens, mar mei de wapens fan God te bestriden: leafde en trou oan ’e geboaden. Dêrmei kinne jo him yn it hert reitsje, dêrtroch rekket er syn macht kwyt.
Dat is Jezus allinnich slagge. As wy mar slim genôch ûnder druk komme te stean, as se ús mar oan it dierberste komme, as de pine mar ûndraachber wurdt, dan geane wy oerstaach en krijt de duvel ek mei ús syn sin. As it der werklik op oankomt, binne wy net tsjin him opwoeksen. Dêrta binne ús krêften te lyts.
Just dêrom is it belangryk, om no as Jezus syn learlingen en neifolgers meiinoar it brea te brekken. Om mei elkoar te dielen, en net mei elkoar te fjochtsjen. As hjir moslims yn dizze doarpen wennen, soene wy se útnoegje moatte oan dizze tafel. Om de duvel sa min mooglik kâns te jaan.

En om net te ferjitten, wa’t him werklik ferslein hat.

Amen.