Psalm 139 en de gelikenis fan it ferlerne skiep

Psalm 139 en de gelikenis fan it ferlerne skiep

lêzings: Psalm 139: 1-12 en Lukas 15: 1-10

Gemeente fan ’e Hear,

Hoe’t wy de wurden brûke. Us jongste dy’t nei skoalle mocht, en dêr o sa’n sin oan hie. Ien dei yn ’e wike de pjutten – hy woe gewoan alle dagen, krekt as de oare bern. Dus dy earste wike wie it feest. En doe waard it sneon. En hy komt derôf, en seit: Moat ik net nei skoalle? Nee jong, it is hjoed sneon, dan binne de skoallen ticht. En doe dat iene sintsje dat ik nea ferjitte sil: Heit hie dochs sein, altyd? Ja – dat hie ik sein: dan meisto altyd nei skoalle. Sa maklik brûke wy de wurden. En sa maklik geane wy dermei om, dat wy dy faak lang net wier meitsje.

God is der echt altyd. Psalm 139 – de dierbere psalm, fan ôfskied, mar ek fan berte en trouwen. De mominten dat net ien oars wit wêr’t jo werklik binne – dêr binne jo net allinnich, want dêr is God by dy. En wy snappe net, dat net mear minsken dat fiele, of dêr langst nei hawwe, dat se sûnder kinne. Wy soene net sûnder God wolle, sûnder ien dêr’t wy fan witte: dy is der altyd, dy hoege wy neat út te lizzen, dêr kinne wy altyd hinne.

Mar kloppet dat wol? Ja, God is der altyd. God is tichtby. Mar is dat alles yn dizze psalm? Is Hy der allinnich, of docht Er ek wat?

Ik kaam op dy fraach troch de gelikenis fan Jezus. Want ynienen seach ik de beweging yn ’e psalm, en de beweging fan de hoeder en fan de húsfrou. Foar it skiep is de hoeder der altyd. En yn dy kultuer wie de frou altyd thús. Mar dêr giet it hjir net om. Dy hoeder komt yn beweging, dy lit sels oare skiep eefkes rinne. De húsfrou skuort it hiele ynterieur oeral, oant se dat iene dûbeltsje werom hat. En dan jout se ek noch in feestje, dat grif mear koste hat.
It is in beweging fan sykjen en folhâlden en net opjaan, dy’t ik ek yn dy psalm weromfyn. Wêr sil ik flechtsje? Flechtsjen jout neat, want God komt efter jin oan. Foar jin en efter jin, east en west – Hy tysket altyd om jin hinne. Sels skûlje yn it tsjuster jout neat. As God yn it tsjuster ferskynt, is it dêr ljocht. God is net yn it tsjuster, of yn it westen of it easten, yn ’e himel of it deaderyk, omdat Hy tafallich oeral en altyd tagelyk is. Hy is dêr, omdatsto dêrhinne flein bist. En Hy komt efter dy oan.
Dan begripe jo ek dy wurden: En jo lizze de hân op my. Dat is de hân fan dy hoeder, dy’t einlings it skiepke fûn hat. De hân fan ’e frou ûnder de kast, op syk nei dat dûbeltsje of dat stuorke, en dêr fielt se wat. En ik wit net wat jim ûnderfining is, as jo om in bistje socht hawwe dat fuort wie, en jo fine it – komt it dan op jo ta? As jo dat muntsje ûnder de kast fine, kinne jo it dan direkt pakke? Nee, it is krekt as skoot it dan noch krekt eefkes fierder, as ferset it him tsjin jo hân.
Soe it mei de minsken ek net sa wêze? God is der net altyd, Hy siket ús altyd. En der is gjin plak dêr’t Er ús net fine kin. Mar Hy wol ús beetkrije. Wat is dat? Hy wol ús yn syn macht hawwe, syn Keninkryk. Hoe fier moat Hy dan gean? Hoe lang rinne wy dêrfoar wei? Wat moat God allegear wol net betinke foardat wy werklik dy hân op ús fiele en net mear fuort kinne?
Want wat wol God fan ús? Wat moat dy hân efter ús oan? Dy sykjende hân ûnder de kast dêr’t wy ús efter ferskûle hawwe? God wol dat wy libje neffens syn regels, en er binne tefolle dingen, dat witte wy, dy moatte wy loslitte as it libben begjint neffens de regels fan God. As God kening is, hat net ien mear safolle rykdom dat in oar earmoed lijt. As God kening is, dan kinne wy mar ophâlde mei ús drok te meitsjen om alle femyljerúzjes en doarpsargewaasjes. Us eigen plakken en tiden dat it om ús draait. As God kening is, dan binne wy it allegear net mear. Mar wannear krije wy dat foar it ferstân?
Yn ’e praktyk litte wy dy dingen pas los, as wy hjirwei moatte. As al ús wegen dearinne, binne wy klear om God werklik as ús kening oan te nimmen. As ús hoeder en ús húsfrou. En dêrom is Jezus kommen. Net allinnich om ús gelikenissen te fertellen en de Skrift út te lizzen, mar om ús te sykjen krekt salang dat Er ús fêstpakke kin. Dêrom is Er de dea yn gongen – om ús te sykjen. En te finen. Dat is net mear logysk of ridlik. Sa’t it ek net logysk of ridlik is dat in hoeder njoggenennjoggentich bisten oan har lot oerlit om ien te finen. It is ek net logysk dat ien dy’t in euro weromfûn hat dêrom in rûntsje jout yn it kafee. It jout oan hoe belangryk of it foar Jezus is om ús te finen. Dêr hat Hy letterlik alles foar oer hân. En it tsjuster, dat foar God net ûnsichtber makket – dat djipste tsjuster hat Hy werklik yn west. As wy op it plak komme dêr’t wy werklik alles út hannen jaan moatte – dan is Hy op dat plak.

En wat betsjut dat foar ús? Moatte wy dan salang wachtsje? Salang it gefoel hawwe dat wy ferlerne skiep binne, muntsjes efter de kast? Moatte wy dat keningskip fan God dan mar foar ús út skowe, ús derby dellizze dat dat hjir allegear neat wurdt?
Gelokkich hoecht dat net. Want sa’t God ús siket, sa meie wy Him ek sykje. En altyd sille wy dan mominten krije, plakken en gelegenheden, dat wy fan binnen witte: no kinne wy in stikje sjen litte hoe’t God syn regels wurkje. No kinne wy in stikje sjen litte dat wy begripe wêr’t it allegear om giet. Dêrmei festigje wy it Keninkryk net op ierde. Mar wy rjochtsje der al in teken fan op.
En werklik gemeente, ik leau: alle kearen dat wy dat doare te weagjen, alle kearen dat dat slagget, al is it ek noch mar sa’n bytsje – dan is it grut feest yn ’e himel. En in stikje fan dy feestfreugde meie wy yn diele.

Amen.

—————-

Domeny Liuwe H. Westra fan Lollum

Hier kunt u de preek in het Nederlands lezen.