Sinneljocht: fiif gedichten oer it Heechliet

Sinneljocht: fiif gedichten oer it Heechliet

Yn de ynlieding skriuwt de dichter Siebren Woudstra:

Op it Peaskefeest waard by Israel steefêst op’e achtste dei de tekst fan it Heechliet nei foaren brocht. It is dan ien fan de fiif saneamde “feestrôlen”(mei Ruth, Preker,Kleilieten en Ester). De namme yn it Hebrieusk tsjut oan, dat dit it aldermoaiste sjongboekje achte waard, dat yn âld-Israel bekend wie.

Ek neffens de ynhâld sil men it Heechliet it bêste sjen kinne as in bondel houlikslieten dy’t yn ’e houlikswike songen waarden. Breugeman en breid sitte dan op’e troane en wurde as kening en keninginne eard.
Sadwaande kin de breugeman soms as Salomo oansprutsen wurde, mar tagelyk fynt er him riker as Salomo.

Dizze fiif gedichten, tarieden fanút it Hebrieusk, sjogge mei de breid út nei it kommen fan de breugeman Kristus, dy’t ienris op’e wolkens ferskine sil om syn breid, de tsjerke, op te heljen Dat heuglike barren is noch foar ús weilein yn’e takomst. Dêrom hat de bondel as titel Sinneljocht.

De gedichten binne nei te lêzen as jo op ‘fiif gedichten oer it Heechliet’ klikke.

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

twee + elf =