Tiden: seis gedichten oer it tema ‘de tiid’
De titel Tiden tsjut dat dizze seis gedichten as tema “de tiid” hawwe. Wy geane nei Bibelske tiden en freegje ús ôf: hoe tochten Mozes (1500 jier foar Kr.), kening David en syn soan kening Salomo (1000 jier foar Kr.) oer de tiid? Hja belibben de tiid persoanliker as no, tinkt my. Guon teksten oer dy tiid binnen nommen út de Psalmen, oaren út it boek Preker. De gedichten binne: it minskelibben Mozes Psalm 90 Bea kening David nei syn boetepsalm 51 Yn Gods hân kening Salomo Preker 3 Gods tiden kening Salomo Preker 7 fers 10 moarn kening Salomo Preker 11 fers 5 Gods leafde Mozes Psalm 90 fers 4 De teksten binne bestudearre fanút it Hebrieusk en de Fryske Bibel útjefte 1977 is brûkt.
It is de tredde gedichtebondel fan Siebren Woudstra.