YKFE – Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst

YKFE – Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst

YKFE logo

De YKFE wol it brûken fan it Frysk yn en om ‘e earetsjinst hinne oan ‘e oarder stelle en befoarderje. Neist oersettingen wolle we ek de útjefte fan eigen Frysk materiaal befoarderje. Mei it each op dit wurk liket mear gearwurking mei en tusken oare organisaasjes ús gaadlik ta.
De YKFE is der foar alle tsjerklike denominaasjes. As wurkgroep fan de Algemiene Klassikale Fergearring fan Fryslân is de YKFE de offisjele ynstânsje fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PTN) foar oersettingen fan liturgysk materiaal.
Yn de sântiger jierren binne de nije Fryske bibeloersetting en it Lieteboek foar de tsjerken útkaam troch de arbeid fan twa yntertsjerklike kommisjes. Al gau dêrnei is út de rûnte fan meiwurkers oan dizze projekten en in tal nije leden de YKFE yn it libben roppen om it Tsjinsboek diel I oer te setten fan de trije tsjerken dy’t sûnt 2004 de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PTN) foarmje.

Wichtige projekten fan de YKFE binne:
– Útjefte ‘Lieteboek foar de tsjerken’ op kompaktskiif (2004), mei ienstimmige musyknotaasje en mearstimmige  musykwerjefte. Men kin der mei op it byldskerm yn it ‘Lieteboek foar de Tsjerken’blêdzje, de
psalmen en gesangen beharkje en ienfâldich de tekst en de ienstimmige musyknotaasje fan it liet knippe en plakke. (€ 37,50)
– Oersetting Tsjinstboek diel I (útjûn yn 2005) It Tsjinstboek diel I hat as tema’s: Skrift, Miel en Gebed en jout in skat oan materiaal, ek foar de hieltyd trochgeande besinning op de earetsjinst yn de tsjerke en thús.
(de lêste eksimplaren wurde fergees weijûn)
– Útjefte sjongbondel Tuskentiden yn 2006 (oersetting fan Tussentijds) Tuskentiden ( € 18,50); begeliedingsbondel Tuskentiden ( € 12,50); koarbondel Tuskentiden (€ 8,50)
– Oersetting útjefte Tsjinstboek diel II (útjûn yn oktober 2010). It Tsjinstboek diel II hat as tema’s: Doop en Belidenis, Miel fan de Hear, Befêstiging fan amtsdragers, Ynlieding yn in betsjinning,
Betsjinning fan de fermoedsoening, Seinigingen, Leafde en trou, Utfeart en rou. (€20.00)
–  Utjefte Lieteboek 2015

Mear ynformaasje is te finen op YKFE

klik hjir foar de list mei Fryske foargongers

Wolle jo útjeften bestelle dan kin dat fia email by W. Rozendal út Damwâld of fia de till. 0511-423712.