Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Fespertsjinsten Ljouwert

Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Fespertsjinsten Ljouwert

Dizze wurkgroep organisearret Fryske fespertsjinsten yn ’e Waalske Tsjerke te Ljouwert, op de fjirde snein yn ’e moanne jûns 7 oere yn jannewaris, febrewaris, maart, april, maaie, juny, septimber, oktober en novimber. Yn july en augustus net, yn desimber allinne as it net ûngaadlik útkomt mei de Krystdagen. Sjoch de oankundiging fan ’e tsjerketsjinsten yn ‘Geandewei’.

Ek it kulturele elemint krijt syn gerak troch meiwurkers foar deklamaasje en ynstrumintale of fokale muzyk. Fêste begelieder op it moaie oargel is Theo Jellema, de oargelist yn ’e Grutte Tsjerke. De foargongers komme út tsjerken fan ’e brede oekumene.

Op it heden bestiet de “Wurkgroep Fryske Fesper” út de folgjende persoanen: Jant van der Weg-Laverman (foarsitter), Klaske Straatsma-Westerhof, Martha de Boer-van Slooten, Teake Posthuma, Meindert Reitsma, André Looijenga en Alex Riemersma.

De tsjinsten binne  yn koroanatiid ferhuze nei de Grutte Tsjerke en wurde fia in livestream útstjoerd. Klik hjir foar mear ynformaasje

Fierdere ynformaasje oer Fryske fesper: klik hjir.