Aldjiersjûn 2012 preek fan ds. L.H. Westra

Aldjiersjûn 2012 preek fan ds. L.H. Westra

Foar syn preek op âldjiersjûn (2012) dûkte domeny Liuwe Westra fan Lollum yn Psalm 16. In lestich en nuver gedicht. Om goed útkomme te litten wat der yn dy psalm bart, moast er him suver op ‘en nij oersette. 

Lit ús dat ek dwaan, gemeente. Net allinnich troch de tilleskoop sjen, mar ek troch de mikroskoop. Alle grutheden dy ’t op ús paad komme. Wat bringe se werklik? Alle mominten dat wy der noch wiene, alle kearen dat wy bewarre binne, alle kearen dat it troch ús hinne skeat: Wat is dit in wûnder. Dat is neffens my de djipste bedoeling fan dizze psalm. As jo mar goed genôch sjogge nei dat iene momint, dan kinne jo der net omhinne, of God wie doe by jo. En as God doe by jo wie, dan wie hy der ek altyd, ek de kearen dat jo Him net fine koene, dat jo meskien wol om Him flokt hawwe. Mar jo hawwe Him sjoen, al is it mar ien kear. Dan moat Er der altyd west hawwe. En dan is Hy der ek yn it nije jier wer by, krekt like nei, krekt like machtich.

Lês hjir de hiele preek