Aldjiersjûn 2014 preek fan ds. L.H. Westra
Preek foar aldjiersjûn oer psalm 18
En it aparte fan dizze psalm is, dat der ferbân is tusken ierdsbevings of ierdskokken en oare natoerferskynsels oan ’e iene kant, en it leauwen en it betrouwen fan David de dichter oan de oare kant. In ferbân, ja in wikselwurking. Want fan it begjin fan it gedicht ôf, fan it begjin fan syn ferhaal ôf, witte wy, hat David fielt dat hy ferbûn wie mei God. Ek as er yn ’e alderdjipste illinde siet. Mar dan bart der wat om him hinne, dan begjint de natoer te bewegen, en dan giet syn betrouwen ek wer omheech. David wol alles wol fan God ferwachtsje. En it aparte is, nei al dat geweld, dan wit David wer better dat hy yn Gods hân is, en is al syn eangst en benaudens fuort.
Lês hjir de hiele preek.