De doop en it dogma as heit en mem fan de belidenis
It is in tipysk skaaimerk fan benammen de tsjerken yn it Westen, dat wy bekend binne mei it ferskynsel ‘belidenis’ of ‘geloofsbelidenis’. En dan noch is der it nedige ûnderskied. Tink bygelyks oan de meniste tredysje, dêr’t in belidenis tsjintwurdich in persoanlik ferhaal is dat jo te skriuwen hawwe as tarieding op ’e doop, mar dêr’t net ien belidenis in formele status hat foar de mienskip as gehiel – of it moat de spreuk wêze dy’t hjir ek oan ’e muorre hinget: Dope wat mûnich is, sprekken dat bûnich is, yn ’t kristlik leauwen frij, in died stribbet wurden foarby. En al komme jo geastlik dan wer yn in hiel oare atmosfear, yn baptiste- en evangelikale fermiddenis funksjonearje belidenissen ek benammen as persoanlike teksten.
Domeny Liuwe Westra, dy’t tsjintwurdich ûndersyk docht nei it begjin fan ’e skiednis fan ’e tsjerke, hat dêroer op freed 2 septimber in lêzing holden foar it Fries Godgeleerd Gezelschap.