Gebed en meditaasje foar nijjiersdei

Gebed en meditaasje foar nijjiersdei

Wy sitte hjir mei gemingde gefoelens. Bliid om elkoar te sjen, en hooplik fleurich. Mar meskien ek wol teloarsteld, dat der net mear binne. Of mei it gefoel dat in oarnsbyienkomst op nijjiersdei yn tsjerke net mear fan dizze tiid is.
Gemingde gefoelens hearre by minsken, hearre by de minsken yn tsjerke. Sa komme wy hjir, altyd. Mei ús blydskip, mei ús ferwachtings. Hielendal op in moarn op nijjiersdei. Mar ek mei ús eangsten, mei min nijs dat meigiet dit nije jier yn. Mei ús krêft, en mei ús swakheid. Dat is fan minske op minske ferskillend. Dat is foar elk minske fan snein op snein ferskillend. Dat is binnenyn elk fan ús op dit momint ek ferskillend. Wy nimme fan alles mei yn ús hert, en sa sitte wy hjir.

Lês hjir de meditaasje