Kin in gemeente libje sûnder tsjerketsjinst?
Liuwe H. Westra, lêzing foar it Fries Godgeleerd Gezelschap.
Niiskrekt haw ik oantsjut, dat de tsjerkegonger dy’t út noed mei it eigen sieleheil nei de preek ta reizget, fierhinne in figuer út it ferline wurden is. Ik leau ek net, dat wy dêr téologysk in hiele protte tsjinyn te lizzen hawwe. Alteast, ik soe gjin domenys hjir yn Fryslân mear witte, dy’t lûdop sizze dat minsken it hellefjoer riskearje as se te min yn tsjerke komme. Ik wit net wat earst of lêst is – dat soe wol in nijsgjirrige stúdzje wêze, en mooglik is dêr ek ûndersyk nei dien, ik wit dat net – mar yn alle gefallen hawwe de téology fan ’e foargongers en de téology fan ’e gemeenteleden har deselde kant út beweegd. Dêrmei wol ik net sein hawwe, dat it leauwen oan in himel en in hel hielendal fuort binne, of gjin wearde mear hawwe soene. Mar it ferbân tusken dy twa, de einbestimming fan in yndividúeel minske, en it tsjerklik meilibjen sa’t dat op sneintemoarn bliken docht út liturgyske partisipaasje – dat ferbân is op syn bêst tige yndirekt wurden. En noch in kear: dêr binne wy it neffens my ek allegear wol mei iens.