Bernard Smilde priis 2013 wûn troch Margriet Poortstra
Op 13 april 2013 is de earste “Bernard Smilde” priis yn de Terptsjerke te Akkrum útrikt. Nei de ledegearkomste yn de Lantearne giene de oanwêzigen nei de tsjerke, dy’t flakby it ferieningsgebou stiet. Ds. Toos Reichman fan it Krúspunt bestjoer oerlange de priis foar it bêste Pinksterliet oan dichteresse Margryt Poortstra út Zeewolde. Sy wie troch de sjuery dy’t út Olchert Clevering, Edna Zwerver en Alex Riemersma bestie, foardroegen om de earste “Bernard Smilde” priis yn ûntfangst te nimmen.
Jan de Jong fan Intrada hie op fersyk fan Krúspunt al in melody foar it pinksterliet makke. Under lieding fan Halbe Klijnstra en in diel fan it Kwartettekoar koene de oanwêzigen sjongend al in bytsje fertrout mei tekst en melody reitsje.
As jo ien fan de ûndersteane links oanklikke krije jo ynformaasje oer dit ûnderdiel: