Bernard Smilde priis 2020

Bernard Smilde priis 2020

De sjuery wurdt ek dit jier foarme troch Adri Terlouw, David de Jong en Syds Wiersma.

De priis bestiet út € 250, in komposysje-opdracht om it winnende liet of fers op mesyk te setten, en publikaasje op ’e webside fan Krúspunt.

De priisfraach wurdt útskreaun foar de tekst fan in liet; it is altyd tastien om ek in wize yn te stjoeren, of in besteande wize te neamen dêr’t it liet op songen wurde kin.

It liet of fers moat gaadlik wêze om breed te brûken yn tsjerke (gemeente, parochy), mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar gospelgroep of koar is ek tastien

De folsleine regleminten fine jo hjir.

Foar fragen of opmerkings kin ûndersteande oanskreaun of skille wurde.

Liuwe H. Westra
liuwe.westra@mensa.nl
0517-469245 / 06-30837586

Sjoch foar de priis fan ferline jier: www.kruspunt.frl/bernard-smilde-priis-2019/

Pleats in reaksje!

Jo e-mailadres sil net op de website sichtber wêze Ferplichte fjilden binne markearre as *

1 × twee =