Elke snein wer in tsjerketsjinst troch Omrop Fryslân op telefyzje

Elke snein wer in tsjerketsjinst troch Omrop Fryslân op telefyzje

Yn maaie de “Mauritiuskerk” tsjerke yn Drylst tsjerke fan ‘e moanne. De oekumene is ek de kommende sneinen wer it útgongspunt.

De tsjinsten begjinne om 10.00 oere en wurde om 12.00 oere werhelle.

De ‘Tsjerketsjinsten Fryslân’ binne ta stân kommen op inisjatyf fan de Fryske Ried fan Tsjerken, de PKN-klassis Fryslân en St. Krúspunt. Om it mooglik te meitsjen, dat de tsjerketsjinsten ek yn de takomst fia Omrop Fryslân útstjoerd en organisearre wurde kinne, ûnder oaren mei goede muzikanten, kinne jo in bydrage stoarte op de bankrekken fan de Rie fan Tsjerken Fryslân:

NL15 RABO 0373744471 op namme fan Raad van Kerken Fryslan,
(graach as omskriuwing: ‘Omroptsjinsten’)

 it rekkennûmer falt ûnder de ANBI regeling.