Kursus Leauwe yn Fryslân foar breed publyk

Kursus Leauwe yn Fryslân foar breed publyk

Kursus ‘Leauwe yn Fryslân’ no ek foar in breed publyk

De ôfrûne jierren hat de Stifting Krúspunt, yn ’e mande mei Nijkleaster, in kursus oanbean foar foargongers en pastores: Leauwe yn Fryslân. Dy kursus rint no foar it fjirde jier. It oerkoepeljende ûnderwerp is, wat it kristlik leauwe foar Fryslân betsjut hat en noch altiten betsjut, en oarsom. Wat is it eigene fan leauwe en téology yn ’e Fryske sitewaasje? Oan ’e iene kant hawwe jo leauwe, tsjerke en Bibel. Oan ’e oare kant binne dêr taal, lânskip en skiednis. Hoe wurkje dy opinoar yn? Dy wurdt op ferskate menieren útwurke yn de kursus ‘Leauwe yn Fryslân’.

Dy kursus wurdt no ek oanbean oan in breed publyk. Dat dogge wy yn oparbeidzjen mei de nije Stichting Academie van Franeker, dy’t dwaande is om it akademysk ferline fan ’e stêd Frjentsjer wer nij libben yn te blazen.

Hjirûnder steane de kolleezjes dy’t yn in rige fan seis holden wurden fan 20 jannewaris oant en mei 30 maart troch Alex Riemersma, Tytsje Hibma, Hinne Wagenaar en Liuwe Westra. De kolleezjes wurde holden yn ’e Botniastins te Frjentsjer fan 20.00 oant 20.45 oere; dêrnei is der in koart skoft en gelegenheid foar fragen en petear. De kolleezjes binne hieltyd op in moandeitejûn.

1 Taal fan it hert

20 jannewaris 2020, dr. A.M.J. Riemersma
De taal fan ’e godstsjinst rekket wat minsken wêzentlik oangiet. Mei de wurden fan Titus Brandsma: ‘Men kin jin safolle better uterje en útsprekke yn de taal fan it hert.’ Lykwols is de ferhâlding tusken de Fryske taal en it tsjerklik libben sûnt de Reformaasje frijwat ûngemaklik. Hoe waard der en wurdt der yn Fryslân tocht oer de taal fan ’e godstsjinst? Wat is der allegear dien (en wat net) oan in eigen ynfrastruktuer op dat mêd, bygelyks troch it oersetten fan ’e Bibel en liturgysk materiaal?

Dr. A.M.J. Riemersma is lektor mjirkes Frysk en Meartaligens oan ’e NHL Stenden Hegeskoalle te Ljouwert.

2. It ferhaal fan it kristendom yn Fryslân

3 febrewaris 2020, dr. L.H. Westra
Hoe sjocht de Fryske tsjerkeskiednis der winliken út? Wêr komme al dy tsjerken en bewegings wei? Dit kolleezje nimt jo mei yn in fûgelflecht fan mear as 1000 jier tsjerken en kleasters, twaspjalt en ienriedigens, âlde en nije spiritualiteit. Hieltiten docht bliken, dat Fryslân oan ’e iene kant folslein meidocht yn ’e grutte ynternasjonale bewegings, en oan ’e oare kant dêryn faak syn eigen paad kiest.

Dr. L.H. Westra wie postdoc-ûndersiker op it mêd fan it iere kristendom en universitêr dosint Nije Testamint yn Grins; op dit stuit is er gastûndersiker by Tresoar en Fryske Akademy.

3. Bonifatius yn Fryslân
17 febrewaris, drs. H.T. Wagenaar
Earder learden alle bern yn Nederlân: 754 – Bonifatius by Dokkum fermoarde. Yn dizze tiid sprekt de botsing tusken heidendom en kristendom op ’en nij ta de ferbylding, sa’t wol bliket docht út ’e film Redbad fan Klaas de Jong. Wat wie der doe eins krekt te rêden? Is Bonifatius wier fermoarde? Wat beweegde him om op hege jierren noch nei it noarden fan Fryslân ta? En wat hat syn kommen foar Fryslân en de rest fan ’e noardlike Nederlannen betsjutten?

Drs. H.T. Wagenaar wie universitêr dosint Missiology yn Grins en dosint Systematyske en Afrikaanske Téology oan it Presbyterian Theological Seminary te Kumba yn Kameroen; no is er predikant-pionier fan ’e Prot. Gem. Westerwert en it pioniersplak Nijkleaster te Jorwert.

4 ‘It bêste lân fan d’ ierde’
2 maart, dr. L.H. Westra
Faak sjogge wy it lânskip as in gegeven fan ’e natoer, en taal as in middel dat minsken inkeld brûke om te kommunisearjen. Dochs hat it der alle aan fan, dat dy twa meiinoar gearhingje. Taal makket net allinnich út, hoe’t men de dingen beskriuwt, mar ek hoe’t men dy belibbet. En it lânskip foarmet net allinnich in uterlike, mar ek in ynderlike hoarizon. Dat is fan grutte gefolgen foar de taal fan it leauwe. Wat betsjut ‘skepping’ presys yn Fryslân?

5. Babel en Pinkster
16 maart, drs. H.T. Wagenaar
As it yn ’e kommunikaasje hielendal misbeteart, neame wy dat in ‘Babyloanyske betizing’. Pinkster jildt yn ’e tsjerke just as it begjin fan ’e ienheid fan alle minsken. Mar wat stiet der krekt yn dy bibelferhalen? Wie ‘Babel’ wier in straf? En makket Pinkster yndied in ein oan alle ferskaat?

6. Spoaren fan God: it deistich libben en de belibbe identiteit
30 maart, drs. T. Hibma
Hieltiten mear sjogge téologen it belang fan ’e eigen identiteit en de eigen omjouwing foar leauwe en spiritualiteit. Mar hoe docht men dat? Yn dit lêste kolleezje giet it oer de ynbring fan binnen en fan bûten op it begryp ‘identiteit’. Twa froulju wurde dêrby nei foaren ta helle as foarbyld: de bekende Anna Maria van Schurman, dy’t yn Frjentsjer wenne hat, en de folle minder bekende Wobbelke Piersdochter.

Drs. T. Hibma is dosint en koördinator fan ’e oplieding Geastlike Begelieding fan PThU/Titus Brandsma Instituut te Nijmegen.

Ynskriuwing

De seis kolleezjes binne ien gehiel. Ynskriuwen kin fia it mailadres info@academiefraneker.nl. De hiele kursus kostet €150,-.