Kursus Leauwe yn Fryslân 2019 – 2020
De kursus ‘Leauwe yn Fryslân’ is ek yn it kursusjier 2019-2020 oanbean. It kursusplak is, sa as alle foargeande kursussen, Jorwert. De lokaasje Nijkleaster.
Kursusprogramma 2019 – 2020 ( yn it Frysk)
Cursusprogramma 2019 – 2020 ( yn it Hollânsk)
Lês hjir it yntroduktieprogramma, dat op 26 juny 2019 holden is.
Twa kursisten ha dit kursusjier ôfsletten mei it skriuwen fan in artikel: Piet Rozeboom en Catrinus Corporaal.
Piet Rozeboom syn artikel, Boer yn Fryslân kinne jo hjirûnder sawol yn it Frysk as it Hollânsk lêze.
Boer yn Fryslân
Krekt yn Fryslân komt de taal fan de fûgel ta syn rjocht. Dat wide grutte fjild, grien, trochsnien mei sleatten, dêr’t de wolken oer hinne jeie. Dat prachtige spul fan ljocht en loft, krekt dêr dûkelet de ljip en giet er oer de wjuk! Aldeboarn mei rûnom greide. De boeren ûnderhâlde dit monumintale lân al sûnt iuwen. Hoe kinst hjoeddedei boer wêze, bist der grutsk op en praatst der oer mei de Skepper?
lês hjir mear
Boer yn Fryslân
Juist in Friesland komt de taal van deze vogel tot zijn recht. Dat lage uitgestrekte land, groen met sloten doorsneden, waar de wolken overheen jagen. Dat heerlijk spel van licht en lucht, juist daar buitelt de kievit, giet er oer de wjuk! Aldeboarn is ingeklemd tussen de weiden. De boeren onderhouden dit monumentale land al sedert eeuwen. Hoe kun je vandaag boer zijn, ben je er grutsk op, praat je er met je Schepper over?
lees hier meer
It artikel fan Catrinus Corporaal hat as titel
It bern en ik… in bibelsk betinken
Yn it no skreaune stik, “It bern en ik…” bin ik weromgongen nei myn eigen ûntwikkeling. En dat foaral ek yn teologyske sin. Dêrom steane neist “It bern en ik…” de wurden “in bibelsk betinken”.
Om it yn twa rigels te sizzen: Ik fertel wat oer myn langstme, myn leauwen, sa as dat foarme is. It begryp bern en tagelyk, as bern yn dat begryp, learling wêze, wurde en bliuwe, is dêryn de grutte trie.
lês hjir mear